zondag 13 november 2011

Doarpsbelangen jouwe advys

Op tiisdei 8 novimber kaam it advys út fan de doarpsbelangen oer weryndieling as gearwurking. Yn earste ynstânsje siet ik ek yn it komitee, mar nei't ik wer yn de rie kommen bin ha ik my weromlutsen. Want dan soe ik mysels advys jaan en dan sitte je mei twa petten op. Yn alle doarpen fan ús gemeente is in enkête hâlden. Sa koene de ynwenners harren foarkar oanjaan.
Yn grutte halen soene men stelle kinne dat de measte minsken net folle fiele foar in fúzje met oare gemeenten. De foarkar giet mear út nei gearwurking. In soad minsken ha oanjûn dat sy Dantumadiel as selsstannige gemeente behâlde wolle. In protte minsken jouwe oan dat Dongeradeel in logyske partner is om mei gear te wurkjen. D'r is al in soad gearwurking en Dokkum hat in regiofunksje. Mar oan de oare kant blykt út de réaksjes ek dat  men just net mei Dongeradeel wol. (kultuerferskil klaai-wâlden, alle oandacht op Dokkum en it soe in earme gemeente wêze) Ek Kollumerlân en Tytsjerksteradiel wurde faak neamt as gemeenten om mei op te arbeidzjen. De besteande gearwurking soe útbreide wurde moatte yn súdlike en oastlike rjochting, soe it advys wêze kinne.  Om it plattelânskarakter te behâlden soe, bûten Dongeradeel, d'r mei minstens noch ien oare plattelânsgemeente gearwurke wurde moatte. De gearwurking soe sa breed mooglik yn noard-oast Fryslân ta stân komme moatte.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten