zaterdag 12 november 2011

Het coalitieaccoord

(eerder geplaatst op mijn website op 7 nov.)
Moarnjûn al wer in riedsfergadering. Dat is de tredde yn trije wiken. Yn it postbakje fûn ik it nije koalysjeakkoart. Dêryn steane de útgongspunten foar de nije koalysje fan CDA, PvdA en Chr. Unie. Foar it grutste part is alles wakker gelyk bleaun as it eardere akkoart mei D'82. Ik meitsje my wol wat soargen oer de rigel dat;   "in 2012 wordt er gekeken naar de taken en de uitvoering van het welzijnbeleid".   Yn in tiid fan in soad besunigings is soks faaks wol in ûnheilsoankundiging. Meastentiids wurdt it d'r net better fan want d'r waait in skrale wyn oer wolwêzenslân.
Yn it kopke oer de finânsjes stiet as lêste;  "een zo goed mogelijke dienstverlening bieden tegen zo laag mogelijke kosten en zo efficiënt mogelijk werken'.   Dizze wiisheid soe op in tegeltsje stean moatte en rûnom yn it gemeentehûs hingje moatte. Soks moat, foaral by de oerheid, in basisprinsipe wêze.
Al mei al steane d'r gjin saken yn it oanbeane akkoart wêr't ik grutte beswieren tsjin ha, dêr foar is it ek allegearre te algemien.
Dochs sil ik ûnôfhinklik bliuwe en opposysje fiere as de útfiering my net nei't sin is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten