woensdag 16 november 2011

Gemeenten en Frysk

Ôfrûne woansdei bin ik nei de Pleats west yn Burgum. Dêr waard in stúdzjemiddei hâlden oer meartalich ûnderwiis. De hear Riemersma fan de Fryske Akademy naam ús mei troch hiel Europa om te fertellen oer de posysje fan ferskate minderheidstalen. Yn Europa praat tsien persint fan de befolking in memmetaal, lytse taal, dy't ôfwykt fan de steatstaal. Foar in oantal fan dy talen stiet de takomst faai. Dêrom is it fan grut belang dat by it ûnderwiis omtinken jûn wurdt oan de streektaal, b.g. it Frysk.
In soad saakkundigen binne it der oer iens dat de earste jierren fan in bern in geunstige tiid is om taalfeardichheden oan te learen yn mear talen tagelyk. Dat mei it meartalich ûnderwiis ek tagelyk, yn ús gefal, de Fryske taal begeunstige wurdt is fan krusjaal belang foar it behâld. Want as bern in sterke basis ha en meartalige feardichheden brûke sil dat fertúten dwaan by de fierdere ûntwikkeling. D'r binne tal fan mooglikheden fan meartaligens yn it gemeentlik belied. Foar de jongste bern spylje it konsultaasjeburo, it bernedeiferbliuw en it pjutteboartersplak in wichtiche rol. Foar in goede ûntwikkeling is it wichtich dat ek de basisskoallen yn de gemeenten meartalich ûnderwiis biede. De gemeente kin dêr in rol yn spylje. Wy wenje yn in gemeente dy't hast 100% Frysktalich is. Mar as it giet om lêzen en skriuwen sakket it persintage hurd. Soks is spitich. Mar as bern op skoalle de taal goed meikrije sil ek dat yn de takomst in stik ferbetterje kinne.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten