maandag 14 november 2011

Halepaden

                                         Halepaad tusken Dammeloane en Fermanjepaad.

Wat in geweldich inisjatyf-foarstel fan de LLD om de âlde halepaden op te meitsjen. Halepaden binne spontaan ûntstiene ferbiningspaden, meastal nei tsjerken, skoallen en winkels. In oantal lizze d'r noch ridlik by, maar oare binne omraak fertutearze as alhiel fan de kaart rekke. It binne en wiene paden dy karakteristyk en kultuerhistorysk weardefol binne foar de Wâlden. Sy leverje in bydrage oan de leefberens oan ús moaie doarpen. Ek is it behâld fan dizze paden fan belang foar rekréaasje en toerisme. De LLD hat ek ynstânsjes lykas Steatsboskbehear en Wetterskip Fryslân yn de earm nommen. It buro Plattelânsprojekten fan de provinsje wol ek subsydzje jaan as de gemeente meidocht.
Yn de jierren 80 en 90 fan de foarige ieu hat Piet vd Bij him omraak ynset foar de halepaden. Hy soarge d'r hieltyd foar dat d'r omtinken oan jûn waard yn de begrutting. Dêrnei is d'r in grut oantal jierren mar in bytsje oandacht foar west. Moai dat de LLD it wer oppakt hat. Dat de ried hjir ek efter stiet blykt wol út it feit dat it foarstel unanym oannommen waard.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten